Keatsen wurdt simmerdeis bûtendoar op in stik gers fan maksimaal 61 by 32 meter spile. In keatsteam (‘partoer’) bestiet út trije persoanen (jonges, famkes, manlju, froulju). Elke spiler hat in spesjalistyske funksje: ‘opslagger’ (‘servearder’) of ‘útslagger’ (‘retoernearder’). Foar it keatsen binne nedich: in mei de hân makke baltsje fan keunstlear, folstoppe mei kealle- of kowehier (24 gram, diameter fan hast 4 sm.) en in ek mei de hân makke learene want.

In spiler foarmet mei syn beide maten ôfwikseljend it opslach- en it útslachpartoer (op de tekening de spilers mei de swarte broekjes respektivelik dy mei de wite broekjes). Yn beide gefallen kinne punten makke wurde. It opslachpartoer begjint altyd. Ien fan de trije spilers  moat út it opslachfak wei de bal mei de bleate hân mei in ûnderhânske slachbeweging rjochtstreeks yn it perk slaan. Dêr steane twa spilers fan it útslachpartoer, dy’t har bêst dogge om de bal werom te slaan, yn de regel sa fier mooglik. De beide perkspilers (en ek de trije oare spilers as de opslagger) hawwe meastal in want oan: dêrmei beskermje se har hannen tsjin it hurde baltsje, mar se kinne sa ek fierder slaan. 


As de opslachbal troch it perkpartoer weromslein wurdt en hy komt yn it fjild EFCD ta stilstân, dan is dat in ûnbesliste slach, in saneamde keats. Op it plak fan de keats komt in houten blokje te lizzen. Eefkes letter yn de wedstriid wurdt om de keats spile. Der kin, ôfhinklik fan de spulsituaasje, noch in twadde keats ûntstean.

De oanmerker 

Set de blokjes del. Altyd yn 'e lingte fan it fjild. It wite blokje foar de earste keats, it reade foar de twadde. Is de keats ferspile dan hellet hy it blokje fuort.

   


Dêrnei ruilje de beide partoeren fan plak en fan funksje (tekening ûnder). It opslachpartoer wurdt perkpartoer en it perkpartoer opslachpartoer. It nije perkpartoer docht no syn bêst om de troch it ‘âlde’ perkpartoer makke keatsen ien foar ien te ferbetterjen, dat wol sizze de bal fierder te slaan. Slagget dat, dan krije se twa punten per keats, mar slagget it net, dan krijt it nije opslachpartoer twa punten per slach. Dêrnei kinne opnij keatsen ûntstean.

Hiel faak ûntstean net direkt keatsen. Ien fan de teams krijt dan direkt punten, troch eigen fertsjinste, of troch fouten fan de tsjinstanners. In pear situaasjes. As it opslachpartoer de bal direkt binnen de linen abcd bringt en de bal wurdt troch it perkpartoer net weromslein of net fierder weromslein as de line EF, dan krijt it twa punten. 

Dat jildt ek as it útslachpartoer de bal weromslacht nei it fak EFCD, mar it opslachpartoer, eventueel nei in rally, de bal weromslacht achter de line EF. Tusken heakjes: elke bal mei rjochtstreeks of nei de earste stuit (werom)slein wurde. 


As it opslachpartoer de bal op of bûten de linen fan it perk bringt, is dat in foutslach en krijt it útslachpartoer twa punten.

It útslachpartoer kin direkt twa punten fertsjinje troch de bal oer de line CD te slaan (in saneamde boppeslach). It ferliest twa punten as it de bal direkt oer de line EC of FD slacht. 

Yngewikkeld? De fluchste manier om it spultsje te learen is: sels keatse! 
(mar tink om it hurde baltsje).



 

De puntentelling en de telegraaf

Dan noch it tellen. De telwize liket op dy by it tennisjen (dat yn 1874 út it doe al 800 jier âlde, út Frankryk kommende keatsen ûntstien is). De punten wurde byhâlden op in telegraaf (sjoch hjir ûnder). Dy is yn 1855 yn Frjentsjer útfûn. Dêrfoar moasten de spilers sels de stân ûnthâlde en dêr wiene se it net altiten oer iens. Rûzje! En ek it publyk wist lang net altiten hoe’t it stie. Wy hawwe sjoen dat der mei twa punten tagelyk teld wurdt: 2-4-6-8 = earst. Twa earsten foarmje in spul. Wa’t as earste seis earsten wûn hat, is winner fan de ûnderlinge wedstriid. Mar dat jout noch gjin rjocht op in priis.


No hinget der in twa foar wyt
4-2 foar wyt en in keats
6-2 foar wyt noch ien slag 

Op de boppeste rige 

It earst foar 
wyt
No is it  3-1
foar wyt
5-5 en 6-6
dus...........

Op de twadde rige


Alles oan de hang


(5-5 6-6) No binne der noch twa punten te ferspiljen. Wa 't dy wint hat de partij ek wûn!


Ta beslút:
Hast elke keatswedstriid hat de foarm fan in toernoai (dêr’t gauris 10-16, mar ek wolris mear as 50 partoer oan meidogge). Wa’t sa’n toernoai winne wol, moat faak wol 4 oant 6 kear op in dei spylje. Dat freget, neist technyk en konsintraasje, ek in goede kondysje, want ien kear spyljen duorret meastal sa’n 40-50 minuten.

 

Wa’t nei sa’n lange keatsdei de earste priis wûn hat, krijt neist dy priis sels ek noch in blommekrânse. Dat fleurich earbewiis wurdt thús oan de bûtenmuorre ophongen. Elkenien kin mar sjen: hjirre wennet in grut keats(st)er. Soms is der noch mear ear: dan wurdt út it winnend partoer ek noch de bêste spiler of spylster keazen: dy wurdt kening of keninginne neamd. 


Wa’t kening fan de PC wurdt, is
- yn Fryslân - foar altiten bekend